Provinsje lilk op Van Gennip

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân is lilk om de plannen fan steatssekretaris Van Gennip. Se wol de finansjele stipe oan de trije Noardlike provinsjes nei 2006 ôfskaffe. Deputearre Bijman en Kommissaris Ed Nijpels binne beide tige teloarsteld en lilk oer it belied.
Neffens Bijman skeint it kabinet ôfspraken dy't der al lizze en rint it Langman-akkoart oant 2010. Neffens dat akkoart is der alle jierren 60 miljoen euro beskikber foar it Noarden.