Colin Archer-race út ein set

10 jul 2004 - 17:33

By in hurde wyn is sneon oan it begjin fan de middei de Colin Archer Memorialrace fanút Lauwerseach út ein set. Dy race wurdt foar de tolfde kear hâlden. It giet hjir om ien fan de grutste sylraces fan Nederlân.

De race duorret fjouwer dagen. De finish is yn Larvik yn Noarwegen. Dit jier dogge der 140 boaten mei. Der binne in grut tal Fryske dielnimmers, mar ek Noaren, Dútsers, Belgen en Frânsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)