Autodyk Harns-Surch ôfsletten

10 jul 2004 - 12:02

Autodyk N31 tusken Surch en de Keningsbrêge by Harns is sneon de hiele dei ôfsletten. Dat hat te krijen mei wurksumheden fan rykswettersteat. It giet ûnder oaren om it meanen fan 'e bermen en it setten fan nije strepen.

Ferkear yn 'e rjochting fan Ljouwert wurdt by Surch omlaat oer de Westerseedyk. Minsken dy't rjochting Amsterdam wolle, moatte troch Harns ride. De stremming duorret nei alle gedachten oant sneontejûn 18.30 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)