Garnalefiskers meitsje ôfspraken

10 jul 2004 - 10:49

Garnalefiskers út Nederlân, Dútslân en Denemarken hawwe meiinoar ôfpraat om de garnalefangst de kommende tiid te beheinen. De fiskers hoopje sa wat te dwaan oan de strieminne prizen. De priis is op dit stuit minder as twa euro foar in kilo, en dat is fier ûnder de kostpriis.

Earder dizze wike wiene der al grutte spannings tusken garnalefiskers fanwege de ekonomyske swierrichheden yn de sektor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)