Eye4Care yn Harns moat ticht

10 jul 2004 - 09:48

It Iepenbier Ministearje hat de rjochtbank frege de klinyk Eye4Care yn Harns te sluten. Yn de klinyk soene neffens it OM medyske hannelingen útfierd wurde, sûnder dat it personiel dêr de goeie oplieding foar hat.

Eye4Care is in klinyk foar alternative behannelwizen. De plysje hat de klinyk de ôfrûne tiid ûndersocht nei oanlieding fan in oanjefte fan de yn- speksje. It OM wol de 2 liedingjaanden no ferfolgje en de klinyk sa lang slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)