Soad goals by wedstriid Cambuur

10 jul 2004 - 00:00

SC Cambuur skoarde freedtejûn mar leafst fyftjin kear yn it alderearste oefenpotsje. Dat wie tradisjoneel by DTD yn Koarnjum. Yn 'e earste helte skoarden Martijn Roosenburg (3x) en Thijs Houwing (2x). Yn 'e twadde helte spile Cambuur mei in nije ploech.

Doe waard der skoard troch Jan Bruin (6x), Stephan van Hoving, Dominique van Dijk, Miika Ilo en Manuel Bölstler. Trainer Dick de Boer wie benammen oer de twadde helte goed te sprekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)