Stroomstoaring yn en om Ljouwert

© Omrop Fryslân
Problemen mei in skeakelstasjon ha der freedtemoarn foar soarge dat in diel fan Ljouwert sûnder stroom siet. It stasjon oan de Kanaalstrjitte yn Ljouwert skeakele himsels tsjin healwei sânen út. Wêrom is noch net bekend.
Behalve in part fan Ljouwert hiene ek doarpen besuden de stêd gjin spanning. Troch de stoaring kaam it treinferkear fan en nei Ljouwert stil te lizzen om't seinen en wiksels net wurken. De problemen wiene tsjin achten oplost.