Twa froulju slaande deilis

09 jul 2004 - 12:45

Twa froulju rekken tongersdei yn in winkel yn Noardwâlde slaande deilis. In 44-jierrige ynwenster fan Wolvegea beskuldige in 50-jierrige frou út Easterstreek derfan dat dy har mei in telefoan op 'e holle slein hie.

Beide froulju joegen tsjinstridige ferklearrings oan de plysje. Dy besleat dêrop beide froulju mei te nimmen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)