Plysje fytst ekstra troch Dokkum

09 jul 2004 - 12:19

Yn Dokkum komme fan 't simmer ekstra plysjepatrouilles. Oanlieidng binne de dronken jongelju dy't foarich jier toeristen it libben soer makken.

Neffens boargemaster Cazemier moatte jongeren beseffe dat Dokkum it fan toeristen hawwe moat en dat in soad minsken dêr har brea yn fertsjinje. Cazemier wol it graach gesellich hâlde, sa seit er. De plysje sil 240 oeren ekstra patrouillearje op de fyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)