Lichem fermiste man Reahel fûn

09 jul 2004 - 12:10

De plysje hat tongersdei op de Aldegeaster Brekken it lichem fan in ynwenner fan 67 jier út Reahel fûn. De man wie woansdeitemiddei mei syn 10- jierrige pakesizzer oan it silen doe't syn sylboat omsloech.

It jonkje koe rêden wurde, mar de man ferdwûn ûnder wetter. De brânwacht hat tongersdei de hiele dei mei boaten, sonar en dûkers oan it sykjen west. It lichem fan de man is fûn op sawat itselde plak as dêr't de boat omsloech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)