Grutte sykaksje nei fertochte

09 jul 2004 - 10:58

De plysje fan Ljouwert hat mei sa'n 16 man socht nei in útnaaide fertochte. De sykaksje wie fergees. Twa plysjemannen seagen op it Sixmaplein in 33-jierrige Ljouwerter rinnen. De man wurdt fertocht fan ferskillende wenning- ynbraken yn de stêd.

De plysje fregen him dan ek om eefkes mei te gean nei it buro, mar dat wegere er. Mei in hânboei om en pepperspray yn de eagen, wist de man dochs te ûntsnappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)