Wer winst Sokolov en Van Wely

© Omrop Fryslân
It NK skaken yn Ljouwert bliuwt oant de lêste dei ta tige spannend. Tongersdei wûnen de twa koprinners Loek van Wely en Ivan Sokolov op 'e nij har partijen. Van Wely wûn sûnder grutte problemen fan John van der Wiel. Sokolov hie it gelok dat syn tsjinstanner Erik van den Doel troch in flater in hast sekere remisestân ferspile.
De Fryske dielnimmer Yge Visser kaam op 'e nij net ta winst. Hy ferlear tongersdei fan Manuel Bosboom.