Fytsersbûn ûndersiket stellerij

09 jul 2004 - 10:37

Yn Ljouwert is tongersdei troch de Fryske ôfdieling fan it Fytsersbûn in begjin makke mei in undersyk nei plakken dêr't in soad fytsen stellen wurde. It giet dan bygelyks om it stasjon, it winkelsintrum op it Saailân en swimbad de Blauwe Golf.

De frijwilligers besjogge ûnder oaren hoefolle fytsen op slot stean en mei hoefolle slotten. De resultaten wurde oan de ein fan it jier bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)