Gordykster rapgroep yn opspraak

© Omrop Fryslân
Immigraasje- en Naturalisaasjetsjinst IND ûndersiket oft se de Gordykster hiphopgroep NNTTO juridysk ferfolgje kinne fanwege mislediging. It NNTTO (Noord Nederlands Taaltechnisch Offensief) rapte ôfrûne snein op in demonstraasje yn Ter Apel oer 'searjemoardners en kampbeulen', en dêrmei bedoelden se IND-meiwurkers.
Ferline wike wie der opskuor om in rap fan in Haachske band, wêryn't Twadde Keamerlid Hirsi Ali bedrige wurdt.