Direkteur Atoglas nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
In direkteur fan it Frânske konsern Ato-Fina komt takom wike tongersdei nei Ljouwert om út te lizzen wêrom it bedriuw Atoglas yn Ljouwert ticht moat.
Dat is tongersdei bekend makke by de koarte wurkûnderbrekking by it fabryk. Sawat fjirtjin dagen lyn waard bekend dat Atoglas yn Ljouwert ticht giet. Mei elkoar wurkje dêr 132 minsken. Oant no ta woe de direksje gjin dúdlikheid jaan oer de reden foar de slúting. Atoglas makket ûnder oaren pleksiglês.