Alde skippen ferlern by brân

08 jul 2004 - 17:32

By in brân by in skipswerf yn Twellegea binne tongersdeitemoarn betiid twa âlde skippen ferlern gien. Ien fan de twa is in boeier fan 150 jier âld.

De brân bruts nachts om healwei fiven út. De brânwacht hie de brân om seis oere ûnder kontrôle. By de brân giene ek noch oare jachten en boaten ferlern. De skea rint yn de miljoenen euro's.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)