'Smellingerlân hat genôch dien'

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat de gefolgen fan de brân by ôffalferwurker ATF yn Drachten net ûnderskat. De gemeente hat genôch dien nei de brân. Dat seit wethâlder Beerda.
De GGD hat yn opdracht fan de provinsje alle ûndersiken nochris besjoen. De konklúzje is dat der by de brân in soad giftige stoffen frijkaam binne, mar dat dat net genôch seit oer de risiko's. Dêrom komt der in sûnensûndersyk ûnder minsken dy't de reek ynademe hawwe.