Antonius sikehûs kin útwreidzje

08 jul 2004 - 16:28

It Antonius sikehûs yn Snits kin syn poliklinyk flink útwreidzje. It sikehûs hat dêrfoar tastimming krigen fan de ryksoerheid. Meiïnoar giet it om in operaasje fan 10 miljoen euro.

Njonken de nije romten foar de poliklinyk komt der ek in eigen MRI-scan. No stiet der noch in pear dagen yn de wike in mobile scanner by it sikehûs. De nijbou moat oer in jier úteinsette. Yn septimber wurdt al begûn mei de bou fan in sûnenssintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)