Jild foar oanpak wetteroerlêst

© Omrop Fryslân
Der komme miljoenen beskikber foar de oanpak fan wetteroerlêst yn Fryslân. It Wetterskip Fryslân krijt fan it ryk in bedrach fan 3,4 miljoen foar de útfiering fan tsien projekten.
It giet ûnder oare om it opheegjen fan kaaien, mear romte foar it bergjen fan oerstallich wetter en in bettere ôffier fan wetter. Meiïnoar kostet it útfieren fan de tsien projekten 14 miljoen euro.