Nij lânboumuseum yn Earnewâld

© Omrop Fryslân
Earnewâld hat der fan 2006 ôf in nije toeristyske attraksje by: it Frysk Lânboumuseum, yn kombinaasje mei it besikerssintrum Alde Feanen fan it Fryske Gea. It nije sintrum moat 50.000 besikers yn it jier lûke.
In bou-ûntwerp is der noch net. Wol is woansdei bekend makke dat it museum yn it Lytse Wiid komt. Foar it ûntwerp fan it sintrum wurdt in priisfraach útskreaun. Yn de simmer fan 2005 moat de skeppe de grûn yn.