Jeugd: fergees swimme yn Menaam

© Omrop Fryslân
In groep fan sawat 50 jongeren hat juster fergese tagong ta swimbad Schatzenburg by Menaam easke. De swimynstrukteur en eigner Ron van Booma hawwe de jongeren fuortstjoerd.
Ferline wike wiene der ek al in pear jongeren dy't dêr nachts yllegaal oan it swimmen wiene. Dêr is oanjefte fan dien. Van Booma tinkt der oan om wer oanjefte te dwaan, om't er de situaasje bedrigend fûn. In kaartsje om te swimmen yn Schatzenburg kostet 10 euro.