Winst foar Sokolov en Van Wely

08 jul 2004 - 10:43

It NK skaken foar manlju yn Ljouwert bliuwt in nek-oan-nek race foar Ivan Sokolov en Loek van Wely. Sokolov fersloech woansdei sûnder al te folle problemen Erwin L'Ami. Loek van Wely weefde op syn beurt ôf mei de jongste finalist Daniël Stellwagen. Sokolov en Van Wely geane no tegearre oan kop mei beide 5,5 punt.

De Fryske dielnimmer Yge Visser skaakte woansdei in wat ûngelokkige partij tsjin Sergey Tiviakov en ferlear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)