Jop Beetstersweach mei wol

© Omrop Fryslân
It jongerenhingplak by it parkear- terrein De Buorskip yn Beetstersweach mei der wol steaan. In buertbewenner hie beswier makke tsjin de saneamde jop om't dy net yn it bestimmingsplan fan de gemeente passe soe. De rjochtbank fan Ljouwert wie it dêrmei iens.
De Raad van State hat woansdei lykwols oars oardield en stelt dêrmei de gemeente Opsterlân yn it gelyk. Dy bewearde altyd al dat in hingplak net yn striid wie mei it bestimmingsplan.