Aksje foar asylsikers Wytmarsum

08 jul 2004 - 10:24

Foar de útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum is in soarte fan Foster Parentsplan betocht. Minsken wurde per brief frege om jild te jaan om gesinnen of allinnichsteande flechtlingen te stypjen en min of mear te adoptearjen.

Dizze aksje is nedich omdat it jild foar de opfang fan de 80 asylsikers yn Wytmarsum hast op is. As der gjin jild fan de gemeente of út dizze aksje komt, dan hâldt de opfang op en wurde de 80 flechtlingen op strjitte set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)