Busferfier op 'e helling

© Omrop Fryslân
It busferfier yn Fryslân giet takom jier flink op de helling. Streekbussen nei acht oere jûns wurde skrast, mei útsûndering fan 14 stêden en grutte kearnen. Doarpen mei 250 oant 1000 ynwenners sjogge allinnich noch tusken 09.00 oere en 15.00 oere bussen.
De sanearing yn it busferfier is in gefolch fan in besuniging fan it Ryk. Fryslân krijt fan dit jier ôf 3 miljoen euro minder foar bus- en treinferfier. It treinferfier feroaret net.