Kondooms útdield op Skylge

07 jul 2004 - 14:11

Jongeren krije dizze simmer op Skylge in kondoom yn de hannen drukt as se mei de taksy gean. De Taksysintrale Skylge hâldt in ludike aksje foar jonge kampearders dy't weromkomme fan de kroech.

Under de titel 'Rij en vrij veilig' krije alle stappers dy't nei de kamping werom gean, in kondoom. De eilanner taksysintrale hopet sa mear klanten te lûken. Boppedat moat it negative útgeansimago fan Skylge sa ombûgd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)