Plysjesel Skylge 'hufterproof'

© Omrop Fryslân
Op Skylge is tiisdei in 'hufterproof' plysjesel yn gebrûk nommen. It giet om de earste fan in searje fan 44 fandalismebestindige sellen yn Fryslân. De sel op Skylge waard offisjeel iepene troch de Fryske plysjesjef Foeke Wagenaar. Hy die dat mei boargemaster Visser.
Behalve 'hufterproof' is de Skylger plysjesel ek 'minskfreonlik'. Sa binne it bêd en de flier ferwaarme. It Skylger plysjeburo hat gjin luchtplak.