Subsydzje foar sirkusskoalle

© Omrop Fryslân
Sirkusskoalle De Hoogte yn Ljouwert krijt 40.000 euro fan de provinsje. It subsydzje is bedoeld as oerbrêging. De Hoogte is de iennichste skoalle yn Nederlân mei in fakoplieding ta sirkus- artyst. De sirkusskoalle moat ta op erkenning as reguliere skoaloplieding.
As de skoalle erkend is troch it ministearje fan Underwiis, soene de studinten ek stúdzjefinansiering oanfreegje kinne. De skoalle tinkt foar de erkenning twa jier nedich te hawwen.