Undersyk nei Histoarysk Sintrum

07 jul 2004 - 10:47

Smellingerlân lit útsykje oft in histoarysk sintrum yn de gemeente helber is. It foarstel dêrta fan Gemeentebelangen waard tiisdei oannommen. Ek B en W binne posityf.

Utsocht wurdt no hoefolle it kostje moat en wêr't it komme kin. It Histoarysk Sintrum wurdt in soarte kultuerkluster mei dêryn it gemeentlik argyf, de iepenbiere biblioteek en de histoaryske klup Smelne's Erfskip. It ûndersyk is oer oardel jier klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)