Burgum: helden yn sintsje set

© Omrop Fryslân
De gemeente Tytsjerksteradiel hat tiisdei Nick Ebbelink (15) en Eibert Zylstra (16) yn it sintsje set. De jonges rêden ôfrûne sneon in húshâlding fan 'e ferdrinkingsdea op 'e Burgumermar. In skou mei in mem mei twa soantsjes ferdwûn yn 'e golven. De twa jonges wiene oan it fiskjen en kamen gelyk yn aksje.
Nick en Eibert krigen in cd-bon fan boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel.