Soad euro's foar Noardse wrotmûs

© Omrop Fryslân
It is sa goed as wis dat tonnen euro's stutsen wurde yn it oerlibjen fan de Noardse wrotmûs yn de Alde Feanen. Mei dat Europeeske jild soe der in soarte 'wrotmûsmekka' komme kinne yn it easten fan it nasjonaal park dêr't no noch in lytse populaasje sit.
Troch it gebiet geskikter te meitsjen foar dizze mûs, wurdt ek in tal oare soarten holpen. Dat geskikt meitsjen hâldt yn dat it wetterpeil folle mear op en del gean sil.