Webside oer moard Vaatstra

© Omrop Fryslân
De famylje Vaatstra hopet fia in eigen webside de gouden tip te krijen oer de moard op Marianne. Tiisdei gie de webside oer de moard fan 5 jier lyn yn de loft. Minsken dy't tinke wat te witten oer de moard op Marianne Vaatstra, kinne har ynformaasje op ynternet kwyt.
Neffens heit Bauke Vaatstra is de webside it lêste middel om de moard by Feankleaster, op te lossen. Hy tinkt dat noch genôch minsken ynformaasje ha.