Gemeenterie: Eringa moat fuort

06 jul 2004 - 17:47

Trouamtner Nynke Eringa fan Ljouwert moat opstappe, sa hat de gemeenterie moandeitejûn besletten. Eringa wegeret homopearen te trouwen. B en W wolle har noch oant 2015 yn tsjinst hâlde. Mar de gemeenterie wol har op 1 jannewaris dien jaan. De kwestje is al jierren in punt fan diskusje yn Ljouwert. Earder spruts de rjochter him oer de saak út en sei dat Eringa yn tsjinst bliuwe moat. De bal leit no dus wer by boargemaster Dales.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)