Arrestant soarget foar oerlêst

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan De Wylgen dy't ûnder ynfloed fan drugs foar oerlêst soarge, hat moandeitenacht de omwenners fan it plysjeburo yn Drachten út de sliep holden.
De man waard op de Noordkade yn Drachten oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr raasde er sa lûd, dat de buorlju der oer klagen. Uteinlik hat in dokter de man slieppillen jaan moatten om him rêstich te krijen.