Deadlik ûngelok by Offenwier

06 jul 2004 - 11:37

In noch ûnbekende man fan tusken de 75 en 80 jier is moandei ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok earder dy dei by Offenwier. De man waard dêr op syn fyts oanriden troch in automobilist dy't fan camping De Potten kaam.

De automobilist tocht dat de fytser rjochtsôf gie. Op it lêste momint gie er lykwols rjochttroch en waard doe oanriden troch de auto. It slachtoffer waard oerbrocht nei it sikehûs yn Grins, dêr't er letter ferstoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)