Bonifatiusrûte yn Dútslân

06 jul 2004 - 11:13

Yn Dútslân wurdt sneon in Bonitatius- rûte fan 180 km iepene. It paad rint fan de stêden Mainz nei Fulda. Premier Beck fan de Dútske dielsteat Rijnland- Pfalz sil de iepening dwaan. Katolike en protestantske tsjerke- lieders binne dêrby oanwêzich.

Pylgers kinne de lêste reis fan de fermoarde misjonaris dus neirinne. Nei syn gewelddiedige dea waard Bonifatius fan Mainz nei Fulda brocht. De moard is dit jier 1250 jier lyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)