Yge Visser ferliest fan L'Ami

© Omrop Fryslân
Yge Visser moast moandei op it NK Skaken yn Ljouwert yn syn partij tsjin Erwin L'Ami belies jaan yn it einspul. Nasjonaal kampioen Loek van Wely, dy't sneon grutte problemen hie mei Visser, makke moandei gjin flater en wûn fan Manuel Bosboom. Itselde kin sein wurde fan Ivan Sokolov, dy't Friso Nijboer fersloech.
Yn it klassemint giet Sokolov oan de lieding mei 4,5 punt, Van Wely stiet twadde mei 3,5 punt.