Liudger wol Ingelstalige lessen

© Omrop Fryslân
De kristlike skoallemienskip Liudger yn Drachten wol begjinne mei Ingelstalich ûnderwiis. It doel is dat VWO'ers fan it skoaljier 2005 ôf les krije yn it Ingels en it Nederlânsk.
Sa moatte learlingen better taret wurde op it wittenskiplik en heger beropsûnderwiis. Dêr wurdt hieltyd faker Engels brûkt yn de kolleezjes. It Marne-kolleezje yn Boalsert begjint it nije skoaljier al mei Ingelse lessen. Dêr ha 28 learlingen har foar oanmeld.