Koornbeurs: gau fierder mei bou

05 jul 2004 - 15:59

De Koornbeurs yn Frjentsjer hopet dizze wike dúdlikens fan de gemeente te krijen oer it trochgean fan de ferbou fan it teater. De Koornbeurs is dwaande mei it oanlizzen fan in balkon yn de grutte seal, mei dêrop 140 plakken.

De gemeente hat de bou lykwols stillein, omdat berekkeningen net doge soene. Der moatte no nije berekkeningen makke wurde foardat de bou fuortset wurde mei. Yn it uterste gefal krijt it balkon ekstra ûndersteuning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)