Oanwinsten foar Kazemattenmuseum

05 jul 2004 - 15:54

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân hat der twa nije oanwinsten by. It giet om de militêre Willemsoarder en in plakette fan de Ingelânfarders. Dy ûnderskiedings waarden yn 1945 postúm takend oan geheim agint Pleun Verhoef.

Verhoef kaam yn july 1944 om it libben, doe't syn fleantúch delstoarte by de Ofslútdyk. In diel fan it fleantúch is ek te sjen yn it Kazemattenmuseum. It museum hat de ûnderskiedings dit wykein krigen fan Verhoef syn suster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)