Yge Visser ferliest yn tiidneed

© Omrop Fryslân
Yge Visser ferlear by it NK Skaken yn Ljouwert sneon op dramatyske wize fan nasjonaal kampioen Loek van Wely. De partij stie yn in remisestân, doe't Visser troch de maksimum tiid hinne gie en dêrtroch reglemintêr ferlear.
Visser ferstiifde neffens eigen sizzen by de 39ste set en wie dêrtroch net mear by steat om de set te dwaan dy't er yn 'e holle hie. Troch dit akkefytsje ûntsnapte Van Wely, dy't earder ek al fan L'Ami ferlear.