Sertifikaat foar garnale-ôfslach

© Omrop Fryslân
De garnale-ôfslach yn Lauwerseach krijt as earste yn syn soart yn Nederlân in kwaliteitssertifikaat. Dat betsjut dat de ôfslach oan alle stelde hygiëne-easken foldocht.
Dy easken binne opsteld om de folkssûnens te beskermjen. De garnale-ôfslach yn Lauwerseach is bliid mei it kwaliteitssertifikaat, foaral omdat de sektor yn swier waar sit. It sertifikaat wurdt freed útrikt.