Curling op It Hearrenfean
Yn Thialf is dit wykein in ynternasjonaal curling-toernoai, in soart jeu de boules op iis. Ald-hurdrider Jeen van der Berg iepene it toernoai freedtejûn. Hy is lid fan in stichting dy't aktiviteiten op it iis fan Thialf befoarderje moat.
De curlingclub fan It Hearrenfean is twa jier âld en telt santjin leden. Oant no ta jouwe se benammen saneamde 'clinics' oan bedriuwen en op famyljefeestjes.