Fierljeppen yn Winsum

03 jul 2004 - 13:27

Yn Winsum waard freedtejûn net al te bêst fierljept. Allinne Henk Schievink sprong oer de 17 meter by de senioaren. Oars binne der mear dy't safier komme. By de junioaren wûn Thomas Helmholt mei 16.67 meter, Sjoukje Tjalma ljepte it fierste by de froulju mei 14.12 meter. En by de jonges kaam Jacob Scherjon it fierste mei in sprong fan 14.98 meter.

De ljeppers klagen oer de sydwyn en de leechsteande sinne. Dêrtroch koene se mei muoite de pols stean sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)