Bouma-en-dy winne Masters

© Omrop Fryslân
It partuer Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra hat freed de Master-keatspartij op It Hearrenfean wûn. Se wiene mei skjinne 5 earsten en 4-6 Klaas-Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk oermânsk.
Tredde waarden Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra. Dy lêste kaam foar it earst wer yn aksje nei in blessuere mei de Pinksterdagen. Kening op It Hearrenfean waard Jochum Bouma.