Untfierder Lusanne woe ûntsnappe

© Omrop Fryslân
De man dy't Lusanne van der Gun út Aldeberkeap ûntfierd hat, soe besocht ha te ûntsnappen. Dat barde doe't er opnaam wie yn it Pieter Baan-sintrum yn Utrecht. Dat is freedtemiddei oan it ljocht kaam by de behanneling fan it heger berop yn de saak.
De man soe oaren yn it behannelsintrum om in wapen frege ha. Hy soe dan in hertoanfal yn sêne sette en sa besykje fuort te kommen. Sels ûntkent de man dat er dat fan plan west hat.