Underdûkte Mirsa hellet diploma

03 jul 2004 - 13:05

De Servyske asylsiker Mirsa hat syn diploma VMBO helle. Mirsa moast in moanne lyn syn lêste eksamens yn it geheim dwaan. Hy en syn famylje hiene te hearren krigen dat se de oare deis it lân út set wurde soenen.

Se dûkten ûnder en Mirsa helle syn eksamens mei help fan de skoalle. Yntusken sit it gesin yn in nije proseduere en sa lang is de útsetting fan de baan. De proseduere kin oant desimber duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)