Konflikt by Noordned hurder

© Omrop Fryslân
It konflikt tusken de direksje fan Noordned en it personiel driget him te ferhurdzjen. Freed waard bekend dat de ûndernimmingsrie fan it ferfiersbedriuw nei de rjochter stapt. Sa wol se ôftwinge dat der neist de direkteur in twadde direksjelid komt.
It personiel fan Noordned hat al tiden in konflikt mei direkteur Braam en wol dat dy opstapt. Koartlyn like der in kompromis te wêzen, mar neffens de FNV hâldt it bedriuw him net oan ôfspraken.