Meanmasine moat fûgels sparje

03 jul 2004 - 08:59

De Stifting Precisie Landbouw yn Noard Fryslân wurket oan in meanmasine dy't automatysk útslacht as er by nêsten fan greidefûgels komt.

Boeren krije jild as sy stroken gers foar greidefugels stean litte. Dat giet wol ris mis as in boer in leanbedriuw meane lit. Troch misferstannen ferdwine de stroken, mei rampsalige gefolgen foar fûgels en nêsten. De nije masine sjocht fia satellytnavigaasje oft der in nêst leit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)