De Haan bliuwt yn giele trui

02 jul 2004 - 16:16

Folkert de Haan bliuwt de lieder fan it algemien klassemint fan 'e seisdaagse fan Noordenveld-Westerkwartier. It tredde kritearium waard tongersdei wûn troch Adriaan Helmantel fan Westeremden. Helmantel wûn de einsprint yn Hoogkerk. Sieger Haakma fan it Hearrenfean waard 4de yn Hoogkerk, Johan Dalstra fan Bûtenpost waard 5de.

Yn it klassemint stiet Sierd Steigenga fan Eksmoarre op in dield tredde plak mei 119 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)